Iepen Kampioenskip Pearketeatsen Littenseradiel

Update: Opjaan kin oan te mei tongersdei 18 juni 2009 18.00 oere. Snein 21 juni Iepen Kampioenskip Pearke Teatsen fan Littenseradiel. Sa as oankundige begjinne de wedstriiden om 10.00. It kampioenskip is wat it tal dielnimmers oanbelanget no al in grut sukses, mooglik te grut want wêr litte wy de 40 partoer !!!! dy’t har no al opjûn ha. Boppedat kinne dielnimmers har noch altiten opjaan. Sjoch dêrfoar de poster hjirneast. Ferliden jier wienen der in dikke tritich partoer, dus it ynisjatyf slacht blykber oan. Nei ôfrin fan it keatsen is der live musyk yn ús doarpshûs. Ek supporters, fans, famylje, en oare belangstellenden binne fansels fan herte wolkom. Wy freegje gjin entree, dat elk kin fergees fan dit spektakel genietsje. Wolle jo op snein ris wat oars? Gean kommende snein nei Mantgum!!!

Geplaatst op 15 June 2009